Riedsleden net op stimburo

07 okt 2008 - 17:16

De helte fan de Weststellingwerver riedsleden wol by de earstfolgjende ferkiezings net mear op it stimburo sitte. Tradisjoneel binne riedsleden by ferkiezings yn funksje as haad fan in stimburo, mar 12 fan ´e 21 riedsleden yn Weststellingwerf wolle dat net mear.

Se binne tsjin op it beslút om net mear mei de masine te stimmen mar mei it reade potlead en wolle sa in sinjaal ôfjaan oan Den_Haach. Teun_Stoker is inisjatyfnimmer fan ´e aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)