Riedsleden lilk op Jorritsma

03 jan 2010 - 12:55
  • John Jorritsma

In tal riedsleden út de Súdwesthoeke-gemeenten fine it der fier by troch dat kommissaris Jorritsma útspraken docht oer de namme fan de nij te foarmjen gemeente.

Hy hat sein dat it him it bêste talike dat dy nije gemeente de namme Snits krijt. It giet om de GrienLinks-fraksje fan Nijefurd en de SP-fraksje fan Snits. Se fine dat de bestjoerders yn it provinsjehûs de rezjy fan de weryndieling út hannen jûn ha en har der no ek net mear mei bemuoie moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)