Riedsleden It Bilt der op út

09 apr 2004 - 00:00

Ynwenners fan It Bilt moatte makliker kontakt krije kinne mei de leden fan de gemeenteried. Dêrom moatte de riedsleden twa kear yn 't jier op wurkbesite. Fierder moatte se faker oanwêzich wêze by gearkomsten fan pleatslik belang.

It giet om plannen dy't de riedsgriffier makke hat op fersyk fan de riedsleden sels. Op 22 april nimt de ried in beslút. De earste wurkbesites kinne dan al yn maaie holden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)