Riedsleden foar de rjochter

02 jan 2010 - 09:04
  • De nije Súdwesthoeke-gemeente

De stifting Fan ûnderen op wol alle riedsleden dy't foar de weryndieling stimd hawwe yn de Súdwesthoeke foar de rjochter bringe en ek de boargemasters fan de fiif gemeenten. De stifting fynt dat der meineed en skriftferfalsking pleegd is. Neffens Fan ûnderen op hawwe alle riedsleden en boargemasters liigd oer it draachflak dat der wêze soe foar de weryndieling. De stichting hopet mei de rjochtsaak de weryndieling noch te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)