Riedskommisje opheft

25 okt 2005 - 14:13

De gemeente Littenseradiel docht it sûnt moandei sûnder riedskommisje. Dy is opheft omdat trijekwart fan de saken dêr't de kommisje oer fergadere troch de ried sûnder diskusje fêststeld waard. It wurk hie net safolle doel.

Neffens de gemeente wie it foar de ynwenners fan Littenseradiel ek net te begripen dat der safolle fergadere waard wylst dat net nedich is. Der binne no 15 ynstee fan 20 gearkomsten yn it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)