Riedsgearkomste ôfsein fanwege ferstjerren riedslid

18 mrt 2015 - 10:29
  • Gemeente Kollumerlân

De riedsgearkomste fan de gemeente Kollumerlân fan tongersdeitejûn giet net troch. De gemeente ferpleatst de gearkomste mei in wike, nei tongersdei 26 maart. De reden foar de ferskowing is it ferstjerren fan it PvdA-riedslid Jikke Schaafstal. Sy ferstoar dit wykein, doe't se fan de trep foel.

De gemeenterie komt tongersdeitejûn wol byelkoar om stil te stean by de dea fan frou Schaafstal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)