Riedsgearkomste live op tv

01 feb 2005 - 15:54

De gearkomsten fan de gemeenteried fan Ljouwert binne fan woansdei ôf live te sjen op de lokale televyzjestjoerder Mercurius. Oant no ta waarden de gearkomsten allinnich live útstjoerd op Mercurius-radio. De ried fan Ljouwert fergaderet sûnt koart yn it opknapte stedhûs. Yn de nije fergaderseal is in kamera ynboud dy't automatysk ynzoomt op dejinge dy't syn mikrofoan oanset.

It is de bedoeling dat de gearkomste aanst ek fia ynternet te folgjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)