Riedsfraksjes yn Harns freegje gearkomste oan oer REC

04 feb 2016 - 16:04

De ûnrêst oer de steuring by de ôffaloven yn Harns is sa grut, dat der gau in ekstra riedsgearkomste komme moat. Dêrby moatte de provinsje, de miljeutjinst, de GGD en Omrin útlizze wat der no eins bard is. Dat fynt in riedsmearderheid fan PvdA, Harlinger Belang en CDA. Goed in wike lyn wie der wol in ynringearkomste oer de oven yn Trebol, mar dat fine de riedsleden net genôch. Sy fine dat de fergunningferlieners en tafersjochhâlders yn in plenêre sitting útlizze moatte wat der misgien is en hoe't takomstige flaters foarkommen wurde.

Unrêst

Fraksjefoarsitter Jappie Saakstra fan Harnzer Belang sprekt omskriuwt de ûnrêst ûnder de Harnzer befolking as 'in pûst dy't wer iepen gongen is'. As folksfertsjintwurdiger wurdt hy dêr op oansprutsen. De ried fan Harns hat alris earder yn in ekstra riedsgearkomste praten oer de ôffaloven, mar dat wie yn de foarige perioade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)