'Riedsferkiezings wurde poll'

15 aug 2013 - 20:37

De ferkiezings fan novimber yn ferbân mei de weryndieling yn Fryslân, kinne benammen yn Ljouwert wolris útdraaie op in populariteitspoll foar it kabinet. Dat tinke de listlûkers foar dy ferkiezings. De kâns is grut dat lokale tema's ûndersnije. Op 1 jannewaris 2014 wurdt Boarnsterhim ferdield tusken Ljouwert en Hearrenfean. Ek giet de nije gemeente De Friese Meren fan start; in fúzje fan Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân.

Listlûker Thea Koster fan it CDA Ljouwert tinkt dat kiezers foaral meiweagje litte wat se fine fan Rutte II.

Henk Deinum fan de PvdA wiist der op dat lanlike oandacht ek soargje kin foar in hegere opkomst by de ferkiezings. Riedsleden yn de Friese Meren en Hearrenfean sizze dat sy wat minder benaud binne foar de lanlike ynfloed. Sy tinke dat kiezers op it plattelân de polityk de lêste jierren better folge hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)