Riedselachtich ûngelok op N31

20 sep 2000 - 17:54

In ynwenner fan Harns (38) is moandeitejûn op Rykswei 31 by Surch om it libben kommen. De man moat op 'e wei rûn hawwe, wêrom is ûndúdlik. Hy is nei gedachten oanriden troch in 43-jierrige automobilist út Frjentsjer.

De Frjentsjerter hie it earst net troch en melde it foarfal letter by de plysje. Dy fûnen de swier ferwûne Harnser yn 'e berm. De man is dêr ek ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)