Riedseal Drylts wurdt grutter

27 okt 2010 - 10:02
  • Johan Krul en Grietsje Stegenga oan it slopen

Yn Drylts is woansdeitemoarn úteinset mei de sloop fan in part fan de riedseal fan Wymbritseradiel. Takom jier sil de ried fan de nije Súdwesthoekegemeente dêr fergaderje.

Der is no plak foar 17 riedsleden. Der moatte foar 20 leden plak bykomme en der komt mear romte foar publyk. Nei alle gedachten wurdt it ek mooglik dat it publyk de gemeenteried folgje kin op skermen. Foarearst wurdt de seal in pear jier brûkt. De nije ried beslút oer in nije sintrale lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)