Ried yn aksje foar needopfang

16 jan 2008 - 16:19
  • De gemeenteried fan Wûnseradiel komt yn aksje foar de needopfang yn Wytmarsum

De gemeenteried fan Wûnseradiel komt yn aksje foar de needopfang yn Wytmarsum. De ried fynt dat it ryk syn ferantwurdlikens nimme moat en de soarch fan de asilsikers oernimme moat. Moandei wurdt dêrom in spesjale riedsgearkomste organisearre.

Yn in moasje wurdt steatssiktaris Albayrak fan justysje wiisd op de ôfspraken út it ferline. Dêryn stiet dat it ryk ferantwurdlik is foar de asylsikers yn de needopfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)