Ried wol stop gas-/sâltwinning

02 mrt 2007 - 07:04

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel wol dat de minister fan Ekonomyske Saken de gas- en sâltwinning yn noardwest-Fryslân fuortendaliks stilleit.

De riedsleden wolle foaral witte hoe slim it is mei de grûndelgong en wat de gefolgen binne foar Frjentsjer. De grûn ûnder Frjentsjer is yn 2006 trettjin sintimeter sakke, wylst der sprake wêze soe fan in maksimale delgong fan acht sintimeter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)