Ried wol Cambuur wol helpe

22 nov 2010 - 21:56
  • Smid (foaroan) is ien fan de nije ynvestearders

De gemeenteried fan Ljouwert jout fuotbalklup Cambuur noch net op. Fan in mearderheid yn de ried mei wethâlder Marco Florijn besjen hoe't hy de klup helpe kin. In bankgarânsje fan 1 miljoen euro dy't frege is, wol Florijn net jaan.

Cambuur sit finansjeel yn swier waar en driget de lisinsje kwyt te reitsjen. Der is in rêdingsplan fan nije ynvestearders dy't 0,5 miljoen euro op it kleed lizze, mar foar de akute need is mear stipe nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)