Ried wol akwadukt by Dokkum

18 jun 2010 - 06:49

De gemeenterie fan Dongeradiel wol in akwadukt yn de westlike rûnwei om Dokkum. Dat waard tongersdei dúdlik by de riedsgearkomste. De oanlis fan it akwadukt kostet sa'n 10 miljoen euro, in tredde fan de totale kosten fan de oanlis fan de dyk.

De gemeente berekenet de kommende tiid de finansjele foardielen fan de westlike rûnwei. De útkomsten dêrfan wurde meinaam by ûnderhannelings mei de provinsje oer in finansjele bydrage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)