Ried: ûndersyk geheimhâlding

04 des 2012 - 22:55
  • Piet Adema

De gemeenteried fan Achtkarspelen lit in ûndersyk dwaan nei wa't ynformaasje lekt hat oer de beneaming fan de nije boargemaster Germ Gerbrandy. Alle riedsleden en gemeentemeiwurkers dy't by de beneamingsfergadering wiene, wurde befrege. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat de ried frege sa'n ûndersyk yn te stellen, neidat De Streekkrant meldde dat 16 fan de 21 riedsleden foar de foardracht fan Gerbrandy stimd hawwe. Waarnimmend boargemaster Piet Adema docht it ûndersyk. Nije wike tongersdei wurde de earste befinings presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)