Ried tafersjoch Cambuur stapt op

01 nov 2005 - 00:00

De ried fan tafersjoch fan fuotbalklup Cambuur stapt ek op. Dat hat foarsitter Spoelstra fan dy ried fan tafersjoch tiisdei meidield oan wethâlder Hafkamp fan Ljouwert. De ried wol earst noch wol in ynterim-direkteur oanstelle dy't de klup saneare moat.

Spoelstra jout woansdei iepenheid fan saken. Dan moat ek dúdlik wurde wêr't de grutte skulden weikomme. Neffens Hafkamp moat de sanearder fan bûten Ljouwert en fan bûten de klub komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)