Ried SWF stipet kolleezje yn wynmûnen op of lâns Ofslútdyk

05 jan 2015 - 23:37

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân wol bêst romte meitsje foar wynmûnen, as dy mar op of lâns de Ofslútdyk komme te stean. In grutte mearderheid yn de ried kin ynstimme mei dat útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Dy wolle dêr in dûbele line ha fan wynturbines. Woansdei hawwe de gemeente en de provinsje oerlis yn Den Haach oer it pleatsen fan wynmûnen. De Ofslútdyk is dêr it meast oanwiisde plak foar fynt de Fryske polityk. Earder al namen de Steaten it beslút dat dêr ûndersyk nei komme moat.

Dat moat allinnich earst noch goed ûndersocht wurde. Wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân fynt dat de provinsje dêr laks yn is. Dat ûndersyk hie neffens har al klear wêze moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)