Ried stimt yn mei lúkse hotel

25 feb 2010 - 11:55

It plan foar in lúkse hotel oan de Langwarder Wielen is wer in stap tichterby kaam. De gemeenteried fan Skarsterlân hat ynstimd mei in wiziging fan it bestimmingsplan. Der wiene in tal beswieren tsjin it hotel, mar de ried fûn dy net terjochte.

Ynvestearringsmaatskippij Rinzeme Van der Vliet út Blaricum kin no in fergunning oanfreegje foar de bou. It hotel moat komme oan de Langwarder Wielen by de A7 tusken Snits en De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)