Ried stiet Feanhoop-festival ta

15 mrt 2006 - 11:27

As alles meisit kin it Feanhoop-festival dit jier trochgean. Tiisdei stimde de ried fan Smellingerlân unanym yn mei it foarstel fan B&W om planologyske meiwurking te ferliening oan it festival. Dat betsjut dat de gemeente Smellingerlân it festival tastean wol.

Der kin noch seis wiken beswier makke wurde en dêrnei moat de provinsje noch grien ljocht jaan. Wethâlder Veenstra ferwachtet lykwols gjin problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)