Ried Skylge wol oare boattiden

27 okt 2010 - 10:36

De gemeenteried fan Skylge hat it kolleezje fia in moasje oproppen om de tsjinstregeling fan Doeksen oan te passen. De ried wol dat de simmertsjinstregeling ek yn april en oktober jildt. Fierder wolle se dat yn de winter de boat net om healwei tsienen mar om 11 oere fan it eilân giet en dat de taslach op de sneltsjinst ferdwynt.

De boargemaster hat tasein de winsken by Doeksen oer te bringen, mar tinkt net dat it punt gau bepraat wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)