Ried skrast fytspaad Amelân

30 okt 2012 - 09:30
  • It Amelân

De Koaiwei op It Amelân krijt gjin fytspaad. De dyk tusken Buren en de Koaipleats wurdt wol opknapt. Dat hat de ried besletten. Earder dit jier woe de ried oant de krusing healwei de Koai wol in fytspaad lâns de dyk oanlizze. Troch besunigings komt dat der no net. It giet net om in gefaarlike dyk. Ameland '82 fynt it spitich dat in earder beslút weromdraaid wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)