Ried Skier praat oer Korendijk

23 mrt 2009 - 16:57

De ried fan Skiermûntseach sil tiisdei beslute oer it lot fan wethâlder Korendijk. De wethâlder wurdt net langer stipe troch syn partij Ons Belang. De fraksje fynt dat Korendijk de belangen fan 'e partij net goed fertsjintwurdiget yn it kolleezje.

It is noch net dúdlik of der in nije wethâlder komme moat, want as Korendijk fan 'e oare partijen bliuwe mei is der feitliks neat oan de hân. Korendijk fielt der sels neat foar om plak te meitsjen foar in partijgenoat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)