Ried Skier moat nijbou goedkarre

28 mrt 2003 - 00:00

It gemeentebestjoer fan Skiermûntseach moat akkoart gean mei de bou fan in nij gemeentehûs en plysjeburo op it eilân. As dat net foar 30 april bart, spant de plysje in koart pleit oan.

De ried wiisde de nijbou in moanne lyn ôf om't it te djoer wie. Nijbou soe 2,5 miljoen euro kostje. De plysje jout de ried noch in kâns om foar nijbou te stimmen. As it beslút wer negatyf is, easket de plysje yn in koart pleit in skeafergoeding fan 200.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)