Ried Skarsterlân yn De Flecke

28 nov 2013 - 12:34
  • De Flecke, it eardere gemeentehûs fan Haskerlân op De Jouwer

De gemeenteried fan Skarsterlân sil syn lêste riedsgearkomste op in bysûnder plak hâlde: de boppeseal fan soarchsintrum De Flecke op De Jouwer. De tydlike ferhuzing is nedich omdat de riedseal fan tongersdei ôf omboud wurdt foar de nije gemeente De Fryske Marren. Der moat romte komme foar 31 riedsleden. Dat betsjut tsien ekstra plakken yn fergeliking mei de ried fan Skarsterlân.

Meubilêr en ek de lûdsynstallaasje moatte dêrom fernijd wurde. De kar om foar de lêste gearkomste út te wiken nei de Flecke is histoarysk nijsgjirrich.

It soarchsintrum die oant de jierren '50 tsjinst as gemeentehûs fan de eardere gemeente Haskerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)