Ried siket rekreaasjeplakken

15 jun 2003 - 00:00

De riedsleden fan Ferwerderadiel ha dit wykein sels op syk west nei rekreative mooglikheden yn de gemeente. Se ha dêrfoar sneon elk in kuier makke fan tritich kilometer.

De riedsleden diene mei oan de tocht oer it Kloostergopad troch de gemeente. Ferwerderadiel wol graach mear toeristen lûke. Troch sels alles te besjen hopen de riedsleden better beoardiele te kinnen wat oars kin. Se ha sneon aardige ideeën opdien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)