Ried: prate oer strjitljochten

25 jan 2013 - 20:46
  • It tsjuster by it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert

De gemeenteried fan Ljouwert praat ynkoarten oer de problemen mei it fuortheljen fan strjitlampen. De gemeente hellet tûzen strjitlampen fuort, mei it each op it miljeu en ek om kosten te besparjen. It is ek bedoeld om de feilichheid te fergrutsjen. Ljouwert giet derfan út dat minsken tsjustere paden en gebieten mije sille en foar feilige, goed ferljochte strjitten kieze. Mar yntusken binne der klachten kaam oer it fuortheljen fan de strjitlampen. De ried wol dêrom fan de ynwenners hearre wat sy fan it nije belied fine.

Minsken kinne ynsprekke op de kommisjegearkomste fan 11 febrewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)