Ried posityf oer mar Nij Beets

10 des 2007 - 22:55

De gemeenteried fan Opsterlân liket posityf te wêzen oer de komst fan in mar tusken Nij Beets en Tynje. Wol wurde der noch fraachtekens set by in nij te bouwen rekreaasjepark om it mar hinne. De ried prate moandei yn in kommisjegearkomste oer de plannen foar de mar. Dy binne net nij, mar de gemeente wol dêr no serieus mei oan de gong.

Op 7 jannewaris diskussearret de folsleine gemeenteried oer de fisy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)