Ried: Pasana oanspraaklik

21 des 2012 - 10:17
  • De Sionsberg

De folsleine gemeenteried fan Dongeradiel wol dat de âlde ried fan tafersjoch en de direkteuren fan de soarchgroep Pasana oanspraaklik steld wurde foar de finasjele tekoarten by sikehûs de Sionsberg. It giet dan om 2011 en begjin dit jier. Alle fraksjes hawwe mei-elkoar in moasje yntsjinne. De rjochtsopfolger fan Pasana - dat is sikehûs Nij Smellinghe - soe derfoar soargje moatte dat de âlde bestjoerders meibetelje om de tekoarten oan te suverjen.

De ried freget it kolleezje fan Dongeradiel om dêr by Nij Smellinghe op oan te trunen. De ried fan Dongeradiel fynt dat it âlde bestjoer de soarchgroep Pasana hiel min bestjoerd hat. Dêrtroch soe it miljoenetekoart by it sikehûs ûntstien wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)