Ried oer fúzje yn Wâlden

01 mrt 2011 - 20:47

De gemeenterieden fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel prate no tongersdei oer harren gearwurking en hoe't dy der yn de takomst út sjen sil. De beide gemeenten wurkje sûnt 2009 gear.

Ek de posysje fan de gemeente Kollumerlân komt oan bar. Dy wol graach oanslute by de gearwurking fan de twa. Ek wurdt der praat oer de ôfdieling werk en inkomen. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle mei yngong fan 2012 ien ôfdieling wurk en ynkomen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)