Ried moat oer namme te set

15 feb 2011 - 22:03
  • Undernimmers wolle Sneek yn de gemeentenamme

De gemeente Súdwest-Fryslân kin ek noch Sneek, Súdwestergo of in oare namme krije. It gemeentebestjoer wol dat de gemeenteried oare nammen ek nochris tsjin it ljocht hâldt as it de definitive gemeentenamme kiest.

By de gemeenteriedsferkiezings yn novimber spruts in mearderheid fan de stimmers him út foar Súdwest-Fryslân. De ûndernimmers wolle lykwols graach Sneek yn de namme hâlde en ek foar Súdwestergo is wol animo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)