Ried Menameradiel komt net gear

14 jul 2004 - 15:15

In moasje fan GrienLinks en FNP sil tongersdei net behannele wurde yn in ekstra riedssitting fan Menameradiel. Partijen ha útsteld om in gemeentlike bydrage fan 6,5 euro op in swimbad- kaartsje fan Schatzenburg te jaan. De kaartsjes binne no troch Schatzenburg- eigner Ron van Booma op 10 euro steld.

PvdA, CDA, Gemeentebelangen en VVD hawwe op foarhân witte litten net mei it foarstel yn te stimmen. Dêrmei giet de ekstra byienkomst net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)