Ried: 'Liemburg moat fuort'

11 jun 2007 - 22:50
  • Liemburg moat fertrekke sizze de kolleezjepartijen VVD en PvdA

De mearderheid fan de ried fan Littenseradiel fynt dat boargemaster Liemburg fuort moat. Liemburg lûkt foareast noch gjin konklúzjes út dy útspraak. De twa kolleezjepartijen VVD en PvdA tsjinnen moandei in moasje fan wantrouwen yn, dy't mei 8 tsjin 6 stimmen oannaam waard.

Yn de ried waard praat oer de bestjoerskrisis. De oare partijen, FNP en CDA, stypje de boargemaster wol. Sy woene in tredde wethalder oanstelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)