Ried kritysk oer plan Homminga

14 feb 2011 - 12:47

De koalysje yn Frjentsjerteradiel is net ûnder de yndruk fan in nij plan om swimbad Blomketerp iepen te hâlden. Undernimmer Piet Homminga fan it njonkenlizzende rekreaasjesintrum wol it swimbad noch in jier iepenhâlde.

Hy wol yn ruil dêrfoar 1,5 miljoen euro subsydzje foar de bou fan in eigen swimbad en alvestêde-experience sintrum. Hy makke dy plannen snein bekend, fjouwer dagen foardat de ried definityf in beslút nimme sil oer de sluting fan swimbad Blomketerp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)