Ried kritysk oer plan Haadstêd

15 des 2011 - 06:11
  • Kulturele Haadstêd 2018

De gemeenteried fan Ljouwert bliuwt hiel kritysk oer de kandidaatstelling foar de Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. Dat die woansdeitejûn bliken by in kommisjegearkomste yn de stêd. Pal/Grien Links, FNP en de ChristenUnie wiene posityf, de rest hat noch in soad fragen.

Wat de measte partijen noch misse, is in goed plan dat der ta liede moat dat Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde sil. Dêr moat oan wurke wurde, foardat de partijen mooglik jild beskikber stelle sille. Yn maart it takom jier moat de ried definityf beslute oer de kandidatuer fan Ljouwert. Provinsjale steaten beslute mooglik al takom wike woansdei oer it beskikber stellen fan 1,2 miljoen euro oan tariedingskosten foar it projekt Kulturele Haadstêd 2018.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)