Ried kiest foar Fryske Marren

24 apr 2014 - 06:17
  • De Friese Meren

De gemeenteried fan De Fryske Marren feroaret de offisjele namme fan de gemeente De Friese Meren yn De Fryske Marren. Dat is woansdeitejûn besletten. De nije namme wurdt op 1 july 2015 ynfierd. De oanpassing kostet 200.000 euro. Njoggentjin riedsleden stimden foar de Fryske namme, tolve keazen de Nederlânske namme.

Der waard ek stimd oer in boargerinisjatyf wêryn't frege waard om it beslút út te stellen. Dat foarstel helle it net. Tolve riedsleden wiene dêrfoar, njoggentjin tsjin.

It Platfoarm Recreatie en Toerisme De Friese Meren is net bliid mei de nammeferoaring. It platform hie de gemeente frege om de Nederlânsktalige ferzje oan te hâlden. De namme 'De Fryske Marren' wurdt op 1 july 2015 ynfierd. Dat kostet 200.000 euro. De Stifting Freonen fan De Friese Meren is ek teloarsteld oer dit beslút. Foarsitter Frits Wind fan de stifting sil de gemeente kritysk folgje wat de kosten oanbelanget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)