Ried Hearrenfean jout grien ljocht foar AZC

30 nov 2015 - 22:35
  • Flechtlingen

It Hearrenfean kriget in asylsikerssintrum foar maksimaal 600 flechtlingen Dat hat de gemeenteried moandeitejûn besletten mei 25 stimmen foar en de 4 stimmen fan de VVD tsjin. Dy partij fynt dat it kolleezje de ried oerfallen hat mei de plannen. In nij AZC strookt boppedat net mei de opfetting fan de VVD dat de komst fan flechtlingen safolle mooglik ûntmoedige wurde moat.

De opfanglokaasje komt op de hoeke fan de K.R. Poststrjitte en de Weinmakker. Doel is dat it AZC ein 2016 klear is. It nije AZC bliuwt maksimaal tsien jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)