Ried Harns tsjin weryndieling

02 jul 2013 - 21:41
  • It stêdhûs fan Harns

In mearderheid fan de gemeenteried fan Harns hat him tiisdeitejûn útsprutsen tsjin in gemeentlike weryndieling. De ried nimt dêrmei de útslach oer fan it referindum dat heal juny yn Harns hâlden waard. Fjirtich prosint fan de Harnzers brocht dêrby syn stim út, tachtich prosint fan har wie tsjin. Harns sil no op syk nei gemeenten dêr't mei gearwurke wurde kin. It CDA, de ChristenUnie en GrienLinks wiene wol foar weryndieling. De VVD, dy't earder ek foar wie, stimde fanwege de útkomst fan it referindum no tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)