Ried Harns te set oer potfisk

09 aug 2013 - 12:47
  • De stikken potfisk yn de kontener

De gemeenteried fan Harns moat ynkoarten beslisse wat der mei de potfisk barre sil. It kolleezje hat grutte plannen. It wol de potfisk brûke yn in tentoanstelling. Op dit stuit leit in part fan de potfisk yn in grutte kontener yn de haven. De bonken lizze yn in bak mei floeistof. Sa moat it fleis der ôf weakje. Sa wurde de bonken klearmakke foar de útstalling.

De gemeente hat al 10.000 euro útjûn oan de fisk. Ynwenners fan de gemeente meie meitinke oer in namme foar de potfisk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)