Ried Harns 'diskusjearret' oer kearntaken yn de gemeente

19 feb 2015 - 13:41

Yn Harns wurdt dizze wiken diskusjearre en neitocht oer de saneamde kearntaken fan de gemeente. Wat heart wol as taak by de oerheid en wat net. De befolking is frege mei te tinken. Nei twa gearkomsten mei de befolking wie woansdeitejûn de ried oan bar om te diskusjearjen oer de kearntaken. Mar dêr kamen se net oan ta.

Yn in gaotyske gearkomste waard eins allinnich mar sketten op de wurkwize fan it ûndersyksburo. Oer de kearntaken waard hast net praat.

Riedsleden en ek publyk op de tribune bleaunen yn 'e war achter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)