Ried Frjentsjer tsjin sâltwinnen

21 feb 2003 - 00:00

In lytse minderheid fan de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel wol it Frisia Sâlt tastean om oan de súdkant fan Easterbierrum twa sâltwinputten te bouwen. It bestimmingsplan moat dêrfoar oanpast wurde.

B en W fine dat de gemeente mei de rêch tsjin de muorre stiet omdat Ekonomyske Saken al tastimming jûn hat foar it boarjen. As de gemeente net meiwurket kin dy troch de minister op 'e fingers tikke wurde, sa tinke B en W.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)