Ried foar 3 ton keninginnedei

07 feb 2008 - 22:55

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel is tongersdei yn grutte mearderheid akkoart gongen mei in bydrage fan 300.000 euro foar de organisaasje fan keninginnedei en de besite fan de keninginne op dy dei.

Allinnich de fraksje fan Grien Links hat tsjinstimd. Fraksjefoarsitter Verduin fynt dat it jild better oars bestege wurde kin. Mei-elkoar rekkent de gemeente op 450-tûzen euro oan kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)