Ried fan Steat beslút oer ôfsjitten kninen op Skylge

18 des 2015 - 07:39
  • Jager op 'en paad foar de jacht

Is it jierliks ôfsjitten fan 500 kninen op Skylge no wol of gjin 'jacht'? Oer dy fraach bûget de Ried fan Steat him de kommende wiken. Jacht op kninen is ferbean yn it dúngebiet fan Skylge, dat in Natura 2000-gebiet is. Mar ôfskot is net ferbean, seit Steatsboskbehear, dy't talit dat de bisten op it Waadeilân ôfsjitten wurde.

Neffens Steatsboskbehear is dat needsaaklik om't de kninen in soad skea feroarsaakje oan kuier- en fytspaden. Ek de dunen en gewaaksen fan boeren soenen gefaar rinne. Mar dat falt allegear wol wat ta, seit Stichting Faunabeskerming. Dy spande de rjochtsaak tsjin Steatsboskbehear oan.

Ferline jier is it tal kninen rûze op 50.000 oan't 100.000. Dit jier binne dat der folle minder. It ôfsjitten fan 500 dêrfan helpt net, fynt de stichting. Boppedat fynt de Faunabeskerming it bewiis fan de skea net oertsjûgend. De Ried fan Steat docht oer in pear wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)