Ried enerzjy koöperaasje fuort

16 jul 2010 - 14:10

De folsleine Rie fan Kommissarissen fan de Amelanner Enerzjy Koöperaasje is opstapt. Se binne it net iens oer it finansjele belied fan de AEC. Under oare omdat de akkountant fan de AEC ek de boekhâlding docht fan it bedriuw fan de foarsitter Johan Kiewiet.

Kiewiet fynt de krityk op de akkountant ûnterjochte. Flaters dy't makke binne soene komme omdat it bestjoer sels te min ûnderfining hie, sa seit Kiewiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)