Ried De Fryske Marren unanym foar asylsikerssintrum yn Balk

26 aug 2015 - 22:51
  • De lokaasje fan it AZC yn Balk

Der komt in asylsikerssintrum oan de Wikelerdyk yn Balk. Alle partijen yn de ried fan de gemeente De Fryske Marren binne foar de komst fan in AZC wêryn't ûnderdak jûn wurdt oan maksimaal 500 asylsikers. Doel is om it sintrum maksimaal fiif jier stean te litten.

Tsjinstanners hawwe earder mei in petysje besocht it foarstel fan tafel te krijen, mar dat is net slagge. Se fine dat der tefolle asylsikers yn it AZC komme. Ek binne se it net iens mei de lokaasje fan it AZC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)