Ried Boalsert gear oer parkearen

12 des 2004 - 15:02

It gemeentebestjoer fan Boalsert wol oer oardel wike dúdlikens fan de gemeenteried ha oer it takomstich parkearbelied yn de stêd. Al op 22 juny fan dit jier hat de ried sein dat besjoen wurde moat oft der wol genôch parkearplakken binne.

De gemeenteried kin no oanjaan oft der bygelyks oeral yn de stêd betelle wurde moat foar it parkearen, mei ûntheffings foar de bewenners. In oare oplossing is it ynfieren fan in blauwe sône.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)