Ried B'him noch net út de ried

02 des 2009 - 00:09
  • De publike tribune op de ekstra riedsgearkomste
  • Boargemaster Baas wol ta op 'ferkennende petearen' mei de buorgemeenten

De gemeenteried fan Boarnsterhim is der noch net oer út hoe't de takomst fan de gemeente derút sjen moat. Tiisdeitejûn hat de gemeenteried dêr wiidweidich oer diskusjearre. Der wiene tsien ynsprekkers en dy wiene unanym foar opheffing fan de gemeente.

Yn de ried binne de VVD en Gemeentebelangen dêr ek foar. De PvdA en it CDA binne der noch net út en komme oer twa wike mei harren beslút. De FNP wol in referindum hâlde foardat sy in beslút nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)