Ried beneamt nije wethâlders

31 mrt 2009 - 23:29
  • De nije wethâlders fan Boarnsterhim: Hermien de Haan, Felix van Beek en Marian Jager
  • Van Beek hat de lestige portefeuille finânsjes

De gemeente Boarnsterhim moat sa gau as mooglik út de reade sifers komme. Dat is de belangrykste doelstelling fan it nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Tiisdeitejûn waarden de PvdA-ers Hermien_de_Haan en Marian_Jager en VVD-er Felix_van_Beek offisjeel beneamd as de nije wethâlders yn de gemeente.

Mei waarnimmend boargemaster Ton_Baas foarmje se no in sakekabinet, dat Boarnsterhim oant de ferkiezings fan takom jier liede sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)