Rie Skier wol net betelje

30 jun 2004 - 14:18

As Skiermûntseach derfoar betelje moat, mei de gemeente Eemsmond it eastlike puntsje fan it eilân wol hâlde. Dat fynt de gemeenterie fan Skiermûntseach. It eilân skoot hieltyd mear nei it easten en leit dêrtroch foar in lyts part yn Grinslân.

Om ûndúdlikens by helpferliening foar te kommen, soe it hiele eilân wer by Fryslân hearre moatte. B&W fan beide gemeenten hienen betocht dat Skier 23.000 euro oan Eemsmond betelje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)