Rie praat wer oer ferhuzing Knol

03 mrt 2004 - 00:00

De ferhuzing fan boubedriuw Knol út Aldeboarn wurdt opnij yn de ried fan Boarnsterhim besprutsen. It bedriuw wurdt te grut foar it doarp en soe ferhúzje moatte nei Akkrum. De ûnderhannelings oer de ferhuzing tusken Knol en de gemeente lizze stil om't beide partijen it net iens wurde kinne.

Op fersyk fan guon riedsleden komt de kwestje no wer op de wurklist fan de gemeenteried. Der wurdt dan praat oer ferhuzing fan in part fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)